Tyestes (toanielstik)

Tyestes
algemiene gegevens
oarspr. titel Thyestes
auteur Seneka de Jongere
taal Latyn
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±62 (n.Kr.)

Tyestes, yn it oarspronklike Latyn: Thyestes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Romeinske filosoof, toanielskriuwer, skriuwer en steatsman Lusius Anneüs Seneka, better bekend as Seneka de Jongere (±4 f.Kr.-65). It is ien fan 'e mar in pear fan Seneka syn stikken dy't net dúdlik op in Aldgryksk orizjineel basearre is, en mei dêrom wurdt it gauris beskôge as yn magnum opus. De trageedzje giet werom op in ferhaal út 'e Grykske mytology en ferhellet oer de striid fan twa twillingbruorren om 'e troan fan 'e Grykske stêdsteat Mysene. Tyestes is nei alle gedachten let yn Seneka syn karriêre skreaun, wierskynlik om it jier 62 hinne. Yn 1985 sette Klaas Bruinsma in pear fragminten út it stik oer yn it Frysk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy